Fluch oan:

Wat binne de betingsten?

  • It giet om in evenemint, of in bysûnder barren dat ien kear foarkomt.
  • It evenemint duorret maksimaal 12 oaniensletten dagen.
  • It evenemint is net allinnich bedoeld foar bern.
  • It skinken fan swak-alkoholhâldende dranken bart troch immen dy’t:
    • minimaal 21 jier is;
    • him/har altyd goed hâlden hat (gjin finzenisstraf of boetes);
    • net ûnder kuratele stiet;
    • ynskreaun stiet yn it online Register Sociale Hygiëne (Sosjale Hygiëne).

Kosten

€ 87,13

Wet- en regeljouwing

  • Alkoholwet
  • Hoarecabelied Ljouwert
    De wet- en regeljouwing fan de gemeente Ljouwert kinne jo ynsjen fia de lanlike foarsjenning Overheid.nl.