Fluch oan:

Kinne of wolle jo net digitaal oanfreegje?

Gean lâns by de buert- of doarpskeamer by jo yn ’e buert.

Wêr kinne jo wol of gjin frijskatting foar oanfreegje?

Jo kinne frijskatting oanfreegje foar:

  • Unreplikesaakbelesting (OZB)
  • Rioelheffing
  • Offalstoffeheffing
  • Prekariobelesting wenskippen en wenweinen

Jo kinne gjin frijskatting oanfreegje foar:

  • Hûnebelesting
  • Offalstoffeheffing foar in ekstra restkontener
  • Offalstoffeheffing foar in rekreaasjewenning
  • Neiheffing parkearbelesting
  • Toeristebelesting
  • Wettertoeristebelesting
  • Belestingen foar bedriuwsgebouwen

Betingsten

  • Jo ynkommen is op of ûnder it nivo fan in bystânsútkearing. Jo netto te besteegjen ynkommen moat ûnder de wetlike noarmen lizze.
  • Jo ha as allinnichsteande maksimaal sawat € 3000 sparjild. Of maksimaal sawat € 4000 as jo byinoar wenje.
  • As allinnichsteande âlder meie jo € 3300 sparjild hawwe.
  • Jo ha gjin rydtúch (bygelyks in auto) dy’t mear wurdich is as € 3350.
  • Jo ha gjin oerwearde op jo keapwenning.
  • Jo ha de oanslach net langer as 3 moanne lyn betelle.

Freegje frijskatting op ’e tiid oan

Hawwe jo de oanslach al betelle?

Freegje frijskatting oan binnen trije moannen neidat jo betelle hawwe. Is de oanslach langer as trije moannen lyn betelle? Dan hawwe jo gjin rjocht mear op frijskatting.

Hawwe jo de oanslach noch net betelle?

Dan kinne jo op elts momint frijskatting oanfreegje. Ek oer in oanslach fan eardere jierren, as jo dy noch net betelle hawwe. Dat is allinnich mooglik as jo net earder frijskatting foar dyselde oanslach oanfrege hawwe en dêr fan ús in beslissing oer krigen hawwe.

Wannear krije jo berjocht?

Hawwe jo digitaal frijskatting oanfrege?

Jo krije direkt in ûntfangstbefêstiging.

Hawwe jo skriftlik frijskatting oanfrege?

Jo krije binnen twa wiken in ûntfangstbefêstiging.

Hawwe jo gjin ûntfangstbefêstiging krigen?

Nim kontakt op mei de gemeente Ljouwert. Mooglik is der wat mis gien, of is der in efterstân mei it ferstjoeren.

Studinten en zzp’ers

Frijskatting foar studinten

Leit jo ynkommen op bystânsnivo of leger? Freegje frijskatting oan. Komt it bedrach dat jo op de bank hawwe út lieningen út de ‘Wet Stúdzjefinansiering 2000’ en/of ‘Wet temjittekomming ûnderwiisbydrage en skoalkosten’ wei? Dan jildt jo banksaldo net as fermogen. Dat moatte jo wol bewize kinne.

Frijskatting foar zzp’ers

Selsstannige ûndernimmers kinne frijskatting oanfreegje foar de priveebelestingen. De saakliste lêsten falle dêr altyd bûten. Bygelyks de lêsten foar jo ûndernimming.

It ôfhanneljen duorret langer as by in normale oanfraach. Wy brûke nammentlik de belestinggegevens fan it jier dêr’t jo frijskatting oer oanfreegje. Dy gegevens binne pas yn it folgjende jier beskikber.

Oanslach al as net betelje?

Sadree’t wy jo oanfraach foar frijskatting binnen hawwe, krije jo útstel fan beteljen. Jo hoege net te beteljen, oant jo fan ús heard hawwe wat ús beslút is oer jo fersyk. Dit útstel jildt allinnich foar oanslaggen dêr’t jo frijskatting foar oanfreegje kinne. Betelje de heffingen, dêr’t jo gjin frijskatting foar oanfreegje kinne, op ’e tiid.

Frijskatting oanfrege en dochs in ôfskriuwing?

It kin barre dat jo fersyk en de automatyske ynkasson inoar kruse. Freegje jo bank de betelling werom te boeken. Dat hjit stoarnearjen.

Net iens mei de beslissing oer jo fersyk om frijskatting?

Tsjinje binnen 10 dagen in beropskrift yn. Dy 10 dagen telle fan de datum ôf dy’t stiet op ús brief dêr’t wy jo frijskattingsfersyk yn ôfwize.

Stjoer jo beropsskrift nei:

Boargemaster en wethâlders fan Ljouwert
Postbus 21000
8900 JA LJOUWERT

Set yn it beropsskrift:

  • Jo namme en adres.
  • It telefoannûmer dêr’t wy jo oerdei op berikke kinne.
  • De datum fan it beropsskrift.
  • Tsjin hokker beslissing jo yn berop geane.
  • It subjektnûmer en oanslachnûmer.
  • De reden fan it berop.
  • Jo hantekening.

Mei it beropsskrift stjoere jo mei:

  • In kopy fan ús ôfwizingsbrief.
  • Bewiisstikken fan alle redenen wêrom’t jo it net iens binne mei de beslissing.

Wannear krije jo berjocht?

As wy jo beropsskrift binnen hawwe, stjoere wy jo in ûntfangstbefêstiging. Dêr stiet yn wannear’t jo ús beslissing ferwachtsje kinne. Meastal is dit binnen trije moannen. As de beslissing letter komt, litte wy jo dat witte.

Automatysk frijskatting ûntfange

Dat hjit ‘automatisearre frijskatting’.

Jouwe jo gjin tastimming foar automatisearre frijskatting?

Elk jier freegje jo opnij frijskatting oan.

Jouwe jo wol tastimming foar automatisearre frijskatting?

As wy nei jo lêste fersyk frijskatting jûn hawwe, dogge wy elts jier in toets by:

  • Belestingtsjinst
  • De Rijksdienst voor het Wegverkeer (RDW)
  • Basisregistraasje Persoanen (BRP)
  • UWV

Dy toets dogge wy foardat jo de oanslach gemeentlike belestingen krije. Wy sjogge oft jo ek dit jier rjocht hawwe op frijskatting. Wy brûke dêrfoar jo gegevens dy’t op dat stuit bekend binne.

Utslach: automatyske frijskatting is mooglik

Ut de toets blykt dat jo rjocht hawwe op automatyske frijskatting. Op de oanslach sjogge jo hokker gemeentlike belestingen jo net hoege te beteljen.

Utslach: automatyske frijskatting is net mooglik

Jo ûntfangen in oanslach foar gemeentlike belestingen. Dy moatte jo betelje.

Aumatyske frijskatting net mooglik foar ûndernimmers, studinten of eigeners fan in wenning.

Wy hawwe dan mear ynformaasje nedich om te berekkenjen oft jo rjocht hawwe op frijskatting. As jo frijskatting ûntfangen wolle, moatte jo sels in fersyk yntsjinje.

Ofrûne jierren wol automatyske frijskatting? Dit jier net?

Mooglik is jo situaasje feroare, wêrtroch’t jo gjin rjocht mear hawwe op automatyske frijskatting. Wolle jo frijskatting ûntfange, dan moatte jo sels in fersyk yntsjinje.

Oare regelingen as jo mar in bytsje ynkommen hawwe

Wolle jo witte op hokker regelingen en taslaggen oft jo rjocht hawwe? Doch de check fia de VoorzieningenWijzer.