Bron: FNP Ljouwert (26-09-2005)
Fragen yn it ramt fan kêst 41, lid 1 fan it reglemint fan oarder oer diskusjes tusken kolleezje en befolking yn in sirkustinte.
Rju achte Kolleezje,
Mei grutte ferbjustering liezen en hearden wy hjoed dat it kolleezje it foarnimmen hat om in ‘kolleezje-show’ te hâlden yn sirkustinten en op dy wize yn oktober mei de ynwenners fan Ljouwert yn petear gean wol. Ferbjustere omdat wy fan miening binne dat sokke jûnen nei alle gedachten tûzenen euro’s kostje sille, wylst neffens in artikel yn it Dagblad voor het Noorden fan hjoed (sjoch hjirûnder) bliken docht dat mear as de helte fan de Grinzers en Drinten muoite hat om rûn te kommen. Wy meie oannimme dat dat sjoen de sosjaal-ekonomyske situaasje net folle ôfwike sil fan de Ljouwerter situaasje. Wy tinke dat de jûnen folle goedkeaper organisearre wurde kinnen hienen troch gewoan gebrûk te meitsjen fan besteande fasiliteiten, lykas doarpshuzen en wykgebouwen. Leechdrompelige foarsjennings dêr’t de minsken út de buerten oars ek altyd byelkoar komme en dêr’t de gemeente oars ek yn petear is mei de boargers.
Mar dêrneist stelle wy fraachtekens by de nut en needsaak fan dizze sirkus-happenings. It kolleezje stekt in ôfgryslik soad tiid en jild yn PR, publisiteit en foarljochting (budzjet € 1,8 miljoen op jierbasis noch los fan Expeditie Leeuwarden) en der wurkje sa’n 17 minsken op de ôfdieling kommunikaasje. Al earder hat de FNP útsteld om kritysk nei dit budzjet te sjen om’t in soad grutte projekten al ôfrûn binne of yn de einfase sitte. Mei de organisaasje fan de sirkusshows krije wy de yndruk dat de budzjetten mear foar profilearring brûkt wurde sa krekt foar de ferkiezings as foar de projekten sels.
Fragen: