Lion

Utkearing oanfreegje

Ha jo gjin wurk en te min jild om fan rûn te kommen? Dan kinne jo in (oanfoljende) bystânsútkearing oanfreegje. De gemeente beoardielet oft jo rjocht ha op in bystânsútkearing en beslist wat de hichte fan jo bystân wurdt. Jo freegje in útkearing online oan by it UWV fia Werk.nl. Ha jo sels gjin kompjûter? Jo kinne gebrûk meitsje fan de kompjûters op it gemeentehûs Ljouwert.

Tink derom: ha jo gjin DigiD? Freegje it oan fia digid.nl. Binnen 5 wurkdagen ûntfange jo jo DigiD.