Lion

Wat meie jo fan de gemeente ferwachtsje?

Yn it 'Hânfêst Kwaliteit' binne de servicenoarmen fan de gemeente Ljouwert beskreaun:

  • Wy stean minsken saakkundich, korrekt en freonlik te wurd.
  • De ynformaasje op ús website is korrekt en aktueel.
  • Nei oamelding by de sintrale wurde jo binnen 20 minuten holpen.
  • Ha jo in ôfspraak makke, dan berint de wachttiid op syn heechst 5 minuten.
  • Foar privacygefoelige petearen is in aparte romte beskikber.
  • De wachttiid foar ús call center is op syn heechst 5 minuten. Us stribjen is dat 80% fan de telefoantsjes binnen 20 sekonden opnaam wurdt. Jo meie op syn heechst twa kear trochferwiisd wurde foardat jo goed holpen wurde kinne.
  • Binnen 5 wurkdagen krije jo berjocht oer de ôfhanneling fan jo e-mail.
  • Wy belje jo binnen 5 wurkdagen werom as jo in klacht yntsjinne ha. Dêr ha wy wol in telefoannûmer foar nedich dêr't jo oerdeis op te berikken binne.
  • Jo krije berjocht as de ôfhanneling fan in klacht langer duorret as 5 wurkdagen. Dêrnei hannelje wy de klacht binnen op syn heechst 10 wiken ôf. Wy dogge jo nei ôfrin berjocht oer de wize fan ôfhanneljen.
  • Ha jo in melding wen-, wurk- of leefomjouwing trochjûn, dan krije jo binnen de fêststelde ôfhanneltiid (dat ferskilt per melding) berjocht oer de ôfhanneling, as alteast de melding net al earder of sichtber oplost is.

Wannear't wy de garandearre tsjinstferliening net leverje, ha jo rjocht op kompensaasje. Dat kinne mûnlinge of skriftlike eksuzes wêze, in kop kofje, mar bygelyks ek in fergoeding fan parkear- of reiskosten.

Klachten oer it net neikommen fan ús tasizzings lizze wy foar oan in klachtefunksjonaris. Dy soarget foar fierdere ôfhanneling. Alle kearen dat wy ús servicenoarmen net helje wurdt dat registrearre. Sadwaande kinne wy it rapportearje en derfan leare.