Lion

Skieding melde

Wolle jo jo houlik beëinigje? Dan kinne jo it ûntbine litte troch in skieding. Meastal regelet in advokaat soks foar jo. Jo advokaat kin de skieding ek yn jo opdracht skriftlik melde by de gemeente Ljouwert. Jo of jo eardere partner kinne lykwols ek sels oanjefte dwaan yn it Gemeentehûs fan de gemeente Ljouwert. Jo kinne sels digitaal in ôfspraak meitsje foar de oanjefte. Ynlogge mei DigiD is net nedich.