Lion

Toeristebelesting

Op moandei 17 july 2017 hat de gemeenteried besletten om toeristebelesting yn te fieren yn de nije gemeente Ljouwert, dus ynklusyf Ljouwerteradiel en in part Littenseradiel. Eltsenien dy't oernachtingsakkommodaasje ferhiert, hat dêr fan 1 jannewaris 2018 ôf mei te krijen. It giet om betelle oernachtings op it lân (toeristebelesting) en op it wetter (wettertoeristebelesting). Mei de opbringsten fan de toeristebelesting kinne wy foarsjennings realisearje dy't de gemeente noch oantrekliker meitsje foar toeristen en rekreanten.