Lion Leeuwarden

Privacystatement

De gemeente Ljouwert brûkt persoansgegevens dy't fia dizze site sammele wurde allinne foar it doel dêr't jo dy mei efterlitte. Wy hâlde ús dêrby oan de Wet beskerming persoansgegevens.

Jo besite oan ús website

Wannear't jo delkomme op ús website(s), wurde gegevens fêstlein. Sa krije wy ynformaasje oer it tal besikers, hokker siden oft it meast besocht wurde of de tiden fan de besite. Dy ynformaasje wurdt nea brûkt foar it identifisearjen fan yndividuele persoanen.

Beskerming fan jo persoansgegevens

De gemeente Ljouwert fynt jo privacy wichtich en giet soarchfâldich om mei jo persoansgegevens. De persoanlike ynformaasje dy't jo oan ús trochjouwe, wurdt altiten fertroulik behannele. Persoansgegevens wurde net langer bewarre as nedich is foar it doel dêr't de gegevens foar sammele binne.

Wet beskerming persoansgegevens

De Wet beskerming persoansgegevens helpt de privacy fan boargers te beskermjen. De Wbp is ûnder oaren fan tapassing op gegevens dy't ferwurke wurde fia websites fan gemeenten.