Lion

Rydbewiis

Foar it oanfreegjen of fernijen fan in rydbewiis meitsje jo in ôfspraak mei de gemeente of jo komme del op frije ynrin. Foar ús tsjinstferlieningsloket yn Grou jildt dat jo earst in ôfspraak meitsje moatte. Jo kinne yn Grou allinne mei pin betelje. Nei in wike helje jo it rydbewiis persoanlik ôf op it gemeentehûs of by it tsjinstferlieningsloket yn Grou. In rydbewiis is meastal 10 jier jildich.

Jo hoege fan 15 juny 2016 ôf net mear earst nei de plysje om oanjefte fan fermissing te dwaan. Yn stee dêrfan folje jo by de gemeente in formulier yn, dêr't jo yn útlizze op hokker wize oft jo it âlde dokumint kwytrekke binne. Nei't jo identiteit fêststeld is, kinne jo fuortdaalk in nij dokumint oanfreegje en betelje. Nimme jo dêrfoar jo eventuele oare identiteitsdokuminten (Nederlânsk rydbewiis, paspoart of identiteitskaart) mei.