Lion

Identiteitskaart

Jo freegje in identiteitskaart persoanlik oan by de gemeente. Dêr kinne jo in ôfspraak foar meitsje. Nei sawat in wike kinne jo jo identiteitskaart ôfhelje.

Jo kinne as âlder net út namme fan jo bern in identiteitskaart oanfreegje. Jo nimme jo bern mei nei it gemeentekantoar.

Jo hoege fan 15 juny 2016 ôf net mear earst nei de plysje om oanjefte fan fermissing te dwaan. Yn stee dêrfan folje jo by de gemeente in formulier yn, dêr't jo yn útlizze op hokker wize oft jo it âlde dokumint kwytrekke binne. Nei't jo identiteit fêststeld is, kinne jo fuortdaalk in nij dokumint oanfreegje en betelje. Nimme jo dêrfoar jo eventuele oare identiteitsdokuminten (Nederlânsk rydbewiis, paspoart of identiteitskaart) mei.