Lion

It Ljouwerter Stedhûs (1715)

De grandeur fan earder tiden yn in eigentiidsk jaske. Yn dit Stedhûs wurkje sûnt de lêste ferbouwing yn 2005 it kolleezje fan boargemaster en wethâlders, de gemeenteried en meiwurkers.

It Ljouwerter stedhûs waard yn 1715 yn klassisistyske barokstyl boud troch stedstimmerman Claes Bockes Balck. Nei alle gedachten waard Claes Bockes Balck ynspirearre of oanstjoerd troch boumaster Anthony Coulon. De earste stien waard lein troch de 3-jierrige prins fan Oranje Nassau, Willem Carel Hendrik Friso (1711-1751). 

Auckamastins

It Stedhûs stiet op de fûneminten fan de Auckamastins. De fantastyske kelderferwulften binne beholden bleaun. Dêr binne de sellen fan feroardielden noch te finen. 
It Stedhûs ûndergie ferskate ferbouwings. Yn 1760 waard tsjin de efterside in nije grutte seal boud, neffens ûntwerp fan Pieter de Swart. De twadde yngripende ferbouwing wie yn 1845, doe't de grutte seal as riedseal ferboud waard ûnder lieding fan stedsarsjitekt Th. Romein. De foargevel krige yn 1816 ruten yn empire-styl. Sa ûntstie in binnenpleintsje dat troch in sierlik hek ôfsletten wurdt. It is no de haadyngong fan it Stedhûskompleks. 

Pace et Justitia

Op it laaien dak stiet in klokkekoepel mei in kariljon, troch klokkejitter Claude Fremy makke yn 1687. It is ôfkomstich út de yn 1884 ôfbrutsen Nije Toer. It automatyske spylwurk lit op it hiele en heale oere oerdeis in ferske spylje. Op de toer stiet in fergulde wynfean mei in ôfbylding fan de Ljouwerter wapenliuw. Boppe de doar fan it Stedhûs befynt him yn gouden letters it opskrift 'Pace et Justitia', dat Frede en Gerjochtichheid betsjut. De bylden boppe de yngong binne de personifikaasjes dêrfan; se binne makke troch Gerbrand van der Haven. 

Stedhûs en Haadwacht

Binnen giet in monumintale trep mei besniene balustrade nei boppen. Yn de boargemasterskeamer binne de muorren bedutsen mei gobelins fan Baart. Dêrefter wie eartiids de haadwacht, dêr't de militêren húsfêste wienen. It âlde gebou waard troch de gemeente yn 1845 ferfongen troch in nije, neffens ûntwerp fan stedsarsjitekt Th. Romein. Sûnt 2005 is dêr ek de ultramoderne riedseal yn ûnderbrocht.

Mear witte oer it Stedhûs? Sjoch op de website fan it Histoarysk Sintrum Ljouwert.

Bring in besite

It Stedhûs is in pear dagen it jier te besichtigjen. Wolst no genietsje fan it ynterieur? Besykje it Stedshûs dan fia Google Maps.