Lion

Geheimhâlding persoansgegevens

De gemeente is yn it besit fan jo persoansgegevens. It giet om jo namme, adres, berteplak en bertedatum. Jo kinne de gemeente freegje om dy persoansgegevens geheim te hâlden. Jo dogge dat fia ynternet mei help fan jo DigiD. De gemeente bliuwt wol altiten ferplichte om dy gegevens troch te jaan oan bygelyks de Belestingtsjinst en de Sosjale Fersekeringsbank.