Lion

Besykje de Grutte of Jakobinertsjerke

De Grutte of Jakobinertsjerke is de âldste en boukundich wichtichste tsjerke fan Ljouwert. De tsjerke waard yn de 13e iuw stifte as ûnderdiel fan de in dominikanekleaster en waard letter fergrutte.

De brede súdlike sydbeuk waard pas yn de lette 15e iuw tafoege. It skip is 48 meter lang en 8 meter breed. De muorren binne yn trochsneed 1,40 meter tsjok. De tsjerke is oplutsen út giele en reade kleastermoppen. De tuorleaze Jakobinertsjerke krige nei alle gedachten oan de ein fan de 15e iuw in angelustuorke.  

Nassau

By de herfoarmings yn 1580 waard de Jakobinertsjerke de haadtsjerke fan de stêd. It koar wie ornearre as begraafplak foar de steedhâlderlike famylje: de greven fan Nassau-Dietz, de lettere prinsen fan Oranje-Nassau. Dêrta kaam yn de súdeastlike koargevel in natoerstiennen poarte mei in konsole mei in útstekkend fronton. Op it fronton stiet in koperen oranjebeam. By de byldestoarm yn 1795 waarden in protte keunstwurken fernield, ek de grêven fan de Nassaus. Elts spoar fan de eardere grêftomben ferdwûn foar altiten. De sakristy krige yn de 17e iuw de namme 'breakeamer' om't dêr bôle oan de earmen útparte waard. Yn de tsjerke befynt him it ferneamde Christiaan Müller-oargel út 1727. De tsjerke is ien fan de bêst bewarre monuminten út de iere Ljouwerter skiednis.

Bring in besite

De Grutte Tsjerke is op fêste tiden iepen foar besite. Wolst no alfêst genietsje fan it prachtige ynterieur? Besykje de Grutte Tsjerke dan fia Google Maps.

Mear ynformaasje

Mear witte? Besykje dan de website fan de Grutte Tsjerke Ljouwert.