Lion

Besjoch de stêd fan de Aldehou ôf.

De Oldehove: ít boechbyld fan Ljouwert. Ljouwert kin net los sjoen wurde fan de brike toer yn it hert fan de stêd. De toer waard boud op de âlde terp Aldehou oan de eardere Middelsee.

Bou

Mei de bou is úteinset yn 1529 troch boumaster Jacob van Aken. As beleanning foar syn wurk krige Van Aken 8 stuorren deis, in frije wente en ûnder de bou alle jierren 'een niew kleed'. 
De bedoeling wie dat neist de toer in nije tsjerke komme soe, om de âlde Sint Vitustsjerke te ferfangen. De omkanten fan dy eardere St. Vitustsjerke wurde no troch fonteinen op it Aldehoustertsjerkhôf oanjûn. 

Swierrichheden

Mar de bou fan de Aldehou ferrûn oars as ferwachte. Under de bou sakke de toer bryk en sûnt hinget er 1,68 meter út it lead yn noardwestlike rjochting. In poging om dat te ferhelpen mislearre en de bou waard stilset yn 1533. De toer hie goed 120 meter heech wurde moatten, mar waard mar 39 meter. De toer is net allinne bryk mar ek krûm. Dat kaam om't Van Aken besocht om de fersakke muorren wer leadrjocht te mitseljen doe't de toer 10 meter heech wie en fersakke. Mar nettsjinsteande al dy mankeminten waard de toer likegoed it symboal fan Ljouwert.
Mear witte? Sjoch op de website fan de Aldehou.

Bring in besite

De Aldehou is yn de simmermoannen iepen foar besite. Wolle jo no alfêst genietsje fan it útsjoch en it ynterieur? Besykje de Aldehou dan fia Google Maps.